Frjentsjer tsjin sinleas geweld
Yn Frjentsjer hawwe freedtejûn fjouwer learlingen fan it Friesland College in jûn holden yn bar Alouette tsjin sinleas geweld.
De lokaasje fan bar Alouette hie alles te krijen mei de stekpartij fan augustus wêrby't in 35-jierrige frou by dy bar om it libben kaam. Der kamen in 60 minsken dy't 130 euro opbrochten foar de Stichting Zinloos Geweld.