Nij doarpssintrum Mitselwier

© Omrop Fryslân
Yn Mitselwier is sneon it renovearre doarpssintrum feestlik iepene. De strjitten hawwe der in healjier útlein. Der is in nije riolearring oanlein en de strjitten binne oars ynrjochte.
Hichtepunt wie de ûntbleating fan in byld fan dûmny Baltasar Bekker út de 17e ieu. Hy wie in ferneamd filosoof en teolooch en hikke en tein yn it doarp. It byld is makke troch Hans Jouta.