Haven Hylpen moat opknapt wurde
De âlde haven fan Hylpen moat wer de útstrieling krije fan foar de jierren '30. Yn dy tiid lei Hylpen noch oan de Sudersee en wie der noch eb en floed. De stifting Stedsherstel Hylpen hat grutte plannen foar de âlde haven.
De stifting wol dat der wer houten peallen en mear basaltblokken lâns de kaden komme. De restauraasje kostet miljoenen euro's.