Frou oanrand yn azc Bonkefeart
In 26-jierrige Ruandese frou hat by de plysje oanjefte dien fan oanranding. Dat is freed bekend makke. De frou waard yn de nacht fan snein op moandei yn har keamer op it azc oan de Bonkefeart yn Ljouwert oanrand.
De man wie troch it rút har keamer binnenkaam. De fertochte is fan bûtenlânske komôf en in bekende fan de plysje.