ONS wint mei oermacht fan ONG

10 mrt 2012 - 17:18

ONS hat mei dikke sifers wûn fan Oranje Nassau út Grins. Op eigen fjild waard it 7-0. De Snitsers kamen al nei fjouwer minuten op foarsprong troch in doelpunt fan Jurjen Bosch. Foar de tee wie ONS útrûn nei in fertsjinne 3-0.

De wedstriid krige in ferfelende bysmaak troch in swiere blessuere oan de kant fan Oranje Nassau. Middenfjilder Stefan de Geijter kaam yn botsing en rûn dêrby in klaplong op. Nei it skoft gong de doelpuntemasine fan ONS fierder. Benammen Jurjen Bosch hie it fizier op skerp en tekene foar de 5-0 en 7-0.

Trefwurden: 
fuotbal ONS haadklasse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)