Subsydzje film mei Feike Boschma

© Omrop Fryslân
It Stimuleringsfonds Nederlandse Culturele Omroepproducties yn Amsterdam hat 147.830 euro beskikber steld foar de produksje fan in televyzjefilm mei poppespiler Feike Boschma fan Amsterdam.
Under de titel 'Der leit wat op 'e dyk' wurdt in soarte fan televyzjemearke foar grutte minsken makke. De film wurdt produsearre troch de lanlike televyzje-ôfdieling fan Omrop Fryslân.