Famylje BSE-ko romme
Alle famyljeleden fan de BSE-ko út Aldlemmer binne freedtemoarn romme en sille ôfmakke wurde. It giet mei inoar om 30 bisten. Dizze wike waard by in ko fan boer Langeler BSE oantroffen.
De ko wie krekt ferkocht oan in bedriuw yn de buert fan Ter Apel en soe moandei slachte wurde. It giet om it 44e gefal fan de gekke kowesykte yn Nederlân.