Fiif postkantoaren sille slute

11 okt 2002 - 00:00

Fiif postkantoaren yn Fryslân geane ticht. It giet om postkantoaren yn Frjentsjer, Wolvegea, Grou, De Lemmer en Easterwâlde. De sluting is ûnderdiel fan in lanlike reorganisaasje en hat as doel om kosten te besparjen.

Neffens Postkantoren BV moatte dizze postkantoaren ticht, om't der de lêste jierren te min transaksjes west ha. Wannear't se slute is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)