Nijbou foar GGD Fryslân
De GGD Fryslân krijt in nij gebou oan 'e Harnzertrekwei yn Ljouwert. De earste peal waard tongersdei slein. De bou duorret in jier en as it gebou klear is, sitte alle ûnderdielen fan 'e GGD ûnder ien dak.
Yn it nije gebou komme 160 minsken te wurkjen. Alle 31 Fryske gemeenten betelje mei oan it 8 miljoen euro kostjende bouprojekt.