WK hurdfytsen yn België

10 okt 2002 - 00:00

Twa Fryske hurdfytsers komme freed yn aksje op it WK yn België. Marjon Spijkerman fan Sint Nyk komt út foar de froulju junioaren. Piter Weening fan De Harkema docht middeis ek in goai nei it wrâldkampioenskip.

Foar alle oare Fryske hurdfysters sit it der op. De 21-jierrige studint Eelke van der Wal fan Holwert hat in poerbêst seizoen achter de rêch.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)