Klûs mei jild fûn

10 okt 2002 - 00:00

De plysje op syk nei de eigner fan in klûs dy't snein fûn is op De Gordyk. It giet om in lyts eksimplaar mei in siferslot. Der sieten ferskate munten, âlde bankbiljetten en bûtenlânsk jild yn.

Nei alle gedachten is de klûs eigendom fan in samler. Minsken dy't der mear fan witte, kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)