BSE oantroffen yn Aldlemmer
By in ko op in boerebedriuw yn Aldlemmer is BSE oantroffen. De earste test op de gekke kowe-sykte wie yn alle gefallen posityf. In twadde test moat útwize oft de ko de sykte echt hat.
De BSE kaam oan it ljocht doe't de ko begjin dizze wike slachte waard. It giet dan om it 44e gefal fan BSE yn Nederlân.