Sjalet yn De Harkema moat fuort

10 okt 2002 - 00:00

Houthannel Poelman yn De Harkema moat in showmodel fan in sjalet fuorthelje. It Kolleezje fan Achtkarspelen hat dat besletten om't it hûs fan 15 by 7,5 meter net yn it bestimmingsplan past.

De sjalet moat foar 2 desimber fuort oars krijt de eigner in boete fan 500 euro wyks. Poelman is it net iens mei de gemeente en seit dat er yn berop giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)