Grutte rampeoefening op Waadsee

09 okt 2002 - 00:00

De grutte rampeoefening op fearboat It Oerd by it Amelân is woansdei neffens it draaiboek ferrûn. Sawat 50 help- ferlieners fan plysje, brânwacht, kustwacht en marine diene deroan mei.

Der waard neispile dat de brân útbruts yn de masinekeamer fan de boat. By de training gong it ûnder oaren om de koördinaasje en de kommunikaasje. Alle jierren wurdt der twa kear oefene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)