Plysje lost grut tal ynbraken op

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan twa manlju út Ljouwert hat de plysje in grut tal ynbraken oplost. Der waard foar tsien- tûzenen euro's by stellen.
De twa hiene ûnder oaren ynbrutsen oan de Grinzerstrjitwei en de Wagner- strjitte yn harren wenplak. By in oare ynbraak rekke ien fan de manlju ferwûne. Om't er net nei it sikehûs doarde, hat er no mooglik bliuwend lêst.