Sloop gebou Nooitgedagt Drylts
It âlde betonnen gebou fan Nooitgedagt yn Drylts moat tsjin de flakte. B&W fan Wymbritseradiel kieze foar sloop en in nije ynrjochting fan it stedssintrum. Dêr wurdt al jierren oer praat.
Neffens wethâlder De Boer fan rûmtlike oardening stiet ek de befolking achter de sloop. In oar gebou fan Nooitgedagt, it 'giele stientsjes-gebou', bliuwt stean en wurdt renovearre.