2-1 ferlies Drachtster Boys

10 mrt 2012 - 17:02

Drachtster Boys hat sneon mei 2-1 ferlern fan Berkum. Yn Berkum kamen de Boys yn de twadde helte op foarsprong troch in doelpunt fan Paul de Jong. De foarsprong joech de Drachtsters lykwols net de oertsjûging om troch te pakken. Neidat de Berkumers op likense hichte kamen, krigen de Boys in grutte domper te ynkassearjen. Frank Eijgelaar waard mei read fan it fjild stjoerd. Berkum wist optimaal te profitearjen en makke de 2-1.

De ploech fan Jan van Raalte stiet noch altyd op it lêste plak yn de haadklasse C.

Trefwurden: 
fuotbal Drachtster Boys
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)