Drukkerij Westergo sil slute
De drukkerij fan it eardere Westergo Bedriuwen yn Frjentsjer sil defintyf ticht. Op 1 jannewaris is Westergo mei de Marrelân Groep yn Snits fierder gien ûnder de namme Empatec.
Yn it fúzjeplan wie al rekken hâlden mei konsekwinsjes foar de drukkerij. No binne alle klanten op de hichte steld. Alle printwurk wurdt tenei yn Snits dien.