Achmeatoer ticht foar publyk

08 okt 2002 - 00:00

De boppeste ferdjipping fan de Achmeatoer bliuwt foarearst sletten foar publyk. Ofrûne simmer wie de toer in pear dagen iepensteld en dat wie in grut súkses.

Achmea woe lykwols net hieltyd toeristen yn it gebou en sa kaam der in ein oan de iepenstelling. De VVV is fan doel om takom simmer wer aksje te ûndernimmen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)