Gjin konsert foar Claus

© Omrop Fryslân
Stedsbeiaardier De Boer fan Dokkum en Grins woe freed in earbetoan foar Prins Claus spylje op it kariljon fan Dokkum. B&W fan Dongeradiel ha dêr lykwols gjin tastimming foar jûn. Offisjeel is it sa dat der fanwege it ferstjerren fan prins Claus in spesjaal protokol is foar it lieden fan de klok- ken. It protokol jildt neffens De Boer net foar it bespyljen fan in kariljon.