Bewennerskomitee Ljouwert opheft
It bewennerskomitee fan de Juliana- leane, Heliconwei en Valeriusstrjitte yn Ljouwert heft himsels op. It komitee seit dat der gjin konstruktyf oerlis mei de gemeente mooglik is en fielt him net serieus naam.
It komitee ferset him tsjin de ferdûbeling fan de rûnwei yn Ljouwert. Se binne benaud dat de feiligens yn 'e knipe komt.