Keninginneferiening ferslein

07 okt 2002 - 00:00

Yn it Oranje-gekke Makkum is ferslein reagearre op it nijs fan it ferstjerren fan prins Claus. Yn Makkum is de iennichste Keninginneferiening fan it lân.

De Keninginneferiening bestiet al mear as hûndert jier. De feriening organisearret ornaris allinnich festiviteiten. Hoe't se de dea fan de prins betinke sil is noch ûndúdlik.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)