Gjin iepening Indoor Friesland

07 okt 2002 - 00:00

It ferstjerren fan prins Claus hat ek gefolgen foar hynstesportevenemint Indoor Friesland. De iepening, takom freed, giet net troch. Dy soe in te feestlik karakter hawwe.

De priis foar de hynsteman fan it jier wurdt no letter útrikt. Ek oare wike tiisdei, de dei dat prins Claus begroeven wurdt, sil it programma oanpast wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)