Prins Claus ferstoarn
Prins Claus is sneintejûn om 19.00 oere ferstoarn yn it Akademysk Medysk Sintrum yn Amsterdam yn 'e âldens fan 76 jier. De Ryksfoarljochtingstjinst hat dat bekendmakke.
Prins Claus wie al langere tiid slim siik. Op Prinsjesdei waard er fannijs opnommen op de intensive care. Premier Balkenende hat de Nederlânske befolking fia de radio en televyzje tasprutsen.