'Wijnschenk moat fuort'

© Omrop Fryslân
'Wijnschenk moat fuort as fraksje- foarsitter en minister Heinsbroek is net mear geskikt as mooglike partijlieder'. Dat binne neffens foarsitter Johan Wiersma fan de LPF yn Fryslân de wichtichste konklúzjes fan it LPF-oerlis fan sneon yn Utert.
Om't minister Heinsbroek him oant no ta efter Wijnschenk opstelt, makket er him ûnmooglik as kommend partijlieder.