Optocht De Knipe live op it web
De optocht yn De Knipe is dit jier live te folgjen op ynternet. De gondelfeart op tsjillen wurdt opnaam mei in webcam en de bylden komme dan fuortdaliks op ynternet. It is foar it earst dat de organisaasje fan de Knypster optocht dit docht. De Knipe hat sûnt in jier in eigen webside. It adres is www.infodeknipe.nl. De optocht is op 12 oktober.