Jeugd Heech wurdt oanpakt
De plysje sil hurd optrede tsjin jongerein yn Heech as der oerlêst fan harren is. Al in skoft soarget in lyts groepke foar swierrichheden op de hoeke fan De Skatting en Breewar.
Earder waard al besluten in oar hingplak te sykjen. Mar in lyts groepke wol der net oan en bliuwt op it âlde plak. Dêr is no in ferbod om gear te kloftsjen ynsteld.