Rely Jorritsma-priis útrikt

© Omrop Fryslân
Abe de Vries en Ytsje Hettinga binne de winners fan de Rely Jorritsma-priis 2002. Dizze literêre priis wurdt alle jierren as stimulâns takend oan Fryske skriuwers en dichters.
Hettinga wûn mei it ferhaal "Oessy", De Vries mei it fers "Ferzen fan ferjitten". Dit jier binne der ek foar it earst bliken fan wurdearring útrikt, ferlykber mei in earfolle fermelding.