'Jeugdried Dokkum komt te let'

© Omrop Fryslân
De jongerein fan de hingboat yn Dokkum hat in advokaat yn 'e earm nommen om te sjen oft se de sluting fan de boat oanfjochtsje kinne. Dizze wike waarden 25 jongeren fan harren hingboat ôfset om't se foar te folle oerlêst soargen.
De gemeente Dongeradiel hopet de problemen op te lossen troch in jeugdried op te rjochtsjen. Foar de besikers fan de boat komt dat te let.