'Gjin lytse saken foar rjochter'
Yn 'e takomst moatte allinnich de earnstiger misdriuwen foar de rjochter brocht wurde. De rjochtbank hat it te drok om ek lytsere fergripen, dêr't gjin finzenisstraf oan fêst sit te behanneljen. Dy saken kin it Iepenbier Ministearje sels wol ôf.
Dat sei presidint Hangelbroek fan 'e Ljouwerter rjochtbank freed. Hy wol sa de wurkdruk by justysje bestride.