Cambuur wint fan Fortuna Sittard

© Omrop Fryslân
Cambuur wûn freedtejûn yn in leuke wedstriid mei 2-1 fan Fortuna Sittard. Katipana en Bruin skoarden foar Cambuur, Van Barneveld rêde yn 'e lêste menút de eare foar de Limburgers.
Matchwinner Bruin die net alles goed. Yn 'e 73ste menút miste hy in penalty. Hy makke it fersom in lyts kertier letter goed mei in moaie kopgoal. De wedstriid luts 4428 taskôgers.