Anita Andriesen listlûker PvdA

© Omrop Fryslân
Deputearre Anita Andriesen wurdt de nije listlûker foar de PvdA by de steateferkiezings fan takommend jier. Andriesen is de iennichste kandidaat, der wiene gjin tsjinkandidaten.
Op 30 novimber sil de PvdA de definitive list foar de ferkiezings gearstalle. Dêrby wurdt ek keazen út de tsientallen minsken dy't har koartlyn nei in advertinsje oanmeld hawwe.