Militêren Ljouwert nei Kirgizië

04 okt 2002 - 00:00

Seis F16's en 110 meiwurkers fan fleanbasis Ljouwert sette yn jannewaris ôf nei fleanbasis Manas yn Kirgizië. Se sille dêr meidwaan oan operaasje 'Enduring Freedom', de striid tsjin it ynternasjonale terrorisme.

Doel fan de misje is de beskerming fan de Amearikaanske grûntroepen yn Afghanistan. De misje sil duorje oant ein april.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)