Harkemase Boys spilet 1-1 lyk

10 mrt 2012 - 16:37

Harkemase Boys hat sneon op sportpark De Bosk mei 1-1 lykspile tsjin FC Lisse. Nei in aardich earste kertier mei kânsen foar de Boys seagen de taskôgers in ploech sûnder fertrouwen. In soad ferkearde ballen tekenen de wedstriid. Beide ploegen wisten foar de tee net ta skoaren te kommen.

Pas yn de 74e minút foel it earste doelpunt oan de kant fan de Lissenaren. Johnson Bacuna koe yn de slotfaze in moaie foarset fan Oebele Schokker binnen tikje. Harkemase Boys bliuwt troch dit lykspul yn de ûnderein fan de topklasse.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)