Wegener Sleeswijk nimt ôfskie

04 okt 2002 - 00:00

Fise-rjochtbankpresidint Rienk Wegener Sleeswijk hat freed ôfskie naam fan de Ljouwerter rjochtbank. Hy is 61 jier en hâldt der mei op. Achttjin jier lyn hat der yn Ljouwert wurke, dêr't er in grut tal bekinde saken behannele hat.

Sa hat er bygelyks ek de Tjoelkersaak behannele. Wegener wol dêr mooglik in boek oer skriuwe. Yn 1994 is er beneamd ta keamerhear fan de keninginne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)