Pjutten Huzum sille ferhúzje
Der komt in pjutteboartersplak yn it tsjinstesintrum foar âlderein yn Huzum. Dat binne de stifting Hulp en Welzijn Ljouwert en de stifting Welzijn Ouderen Ljouwert oerienkaam.
It hjoeddeistige pjutteboartersplak Kleine Beer yn wykgebou Gerard Dou is troch de grutte fraach nei berneopfang te lyts wurden. De pjutten geane yn jannewaris oer nei it tsjinstesintrum.