Taalrotonde ek yn it Noardfrysk

© Omrop Fryslân
De Fryske Taalrotonde ferskynt no ek yn in Noardfryske bewurking. It lesboek is ornearre foar de legere klassen fan it basisûnderwiis. It Noardfrysk hat ferskate dialekten en der binne dan ek fjouwer ferzjes útkommen.
It boek is in útjefte fan it Noardfrysk Ynstitút. Se hawwe dêrfoar jild fan it Dútske regear krige. Oare wike woansdei is de presintaasje.