Rolstoelparkoers foar faliden

03 okt 2002 - 00:00

It publyk koe tongersdeitemiddei op it Wilhelminaplein yn Ljouwert sels ûnderfine hoe't it is om handikapt te wêzen. Dat koe troch bygelyks yn in rolstoel in tal hindernissen te nimmen.

Ferskate handikapteorganisaasjes diene oan de aksje mei. De Werkgroep Toegankelijkheid wol mei de aksje mear begryp fan minsken foar de problemen dy't handikapten tsjinkomme kinne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)