Ekologysk bedriuwepark Appelskea
Der moat in bedriuwepark foar ekologyske bedriuwen komme yn Appelskea. It inisjatyf dêrfoar komt fan Anne Jan Zwart fan it Appelskeaster bedriuw Eco Style.
Dat hâldt him dwaande mei ynnovaasje en duorsumheid. Zwart wol it plan tegearre mei de Grontmij útfiere en moat dêrfoar 26 bunder lânbougrûn oankeapje. Dat moat plak jaan oan 25 oant 35 bedriuwen.