Dosint mishannele troch learling
In learaar fan in skoalle oan de Jousterwei op It Hearrenfean is tongersdeitemoarn mishannele troch in learling. De learling, in jonge fan 18 jier, kaam te let de les binnen.
Hy misledige de learaar en dy stjoerde him de klasse út. De jonge waard lilk en sloech de dosint tsjin de holle. Dy rekke dêrtroch ferwûne oan it each. Dêrnei naaide de jonge út.