Bart Helmholt wint fierljeppen yn Grypstsjerk

15 aug 2015 - 17:20

Bart Helmholt hat it fierljeppen yn Grypstsjerk wûn. Mei 20.94 ljepte hy de fierste ôfstân. Twad waard Nard Brandsma mei 20.12. In skoftlang hie Hannes Scherjon de fierste ôfstân mei 19.92, mar hy waard úteinlik tredde.

Marrit van der Wal wûn by de froulju mei 16.27 en dat wie in nij skânsrekôr. Se pakte dêrmei har 14e deititel. Twad waard Klaske Nauta en tred Hiske Galama.

By de junioaren wie Sytse Bokma foar de 17e kear de bêste mei mar 16.64 meter. By de famkes wûn Maureen Poiesz mei 13.94. By de jonges wûn Jarich Wijnstra mei 17.08.

Foar it Frysk Ljeppers Boun wie dit de 21e en lêste earste klasse wedstriid fan it seizoen. Dat betsjut dat de winners fan de klasseminten oer de sân bêste ôfstannen ek bekend binne. By de senioaren gong krekt as ferline jier de winst nei Oane Galama mei 143 meter en 60 sintimeter. Marrit van der Wal wûn it klassemint by de froulju mei 114 meter en 29 sintimeter. Sytse Bokma wie fierwei de bêste junior mei 135.20, Jarich Wijnstra pakte it jongesklassemint mei 114.15 en Maureen Poiesz wie de bêste by de famkes mei 103.08.

Woansdei wurdt der noch ljept yn Drylts om de Fryslân Cup, sneon 22 augustus is it Nederlânsk kampioenskip yn Vlist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)