Farrûte Lits-Lauwers opknappe

© Omrop Fryslân
De wâlbeskoeiïng fan it Dokkumer Grutdjip wurdt oanpakt. It farwetter krijt natuerlike wâlen. Der komme ekstra steigers yn Dokkum en Dokkumer Nije Silen. Fan de 1,8 miljoen euro dy't it plan kostet wurdt njoggen ton subsidiearre. De rest moat de gemeente Dongeradiel betelje.
It opknappen bart yn it ramt fan it opwurdearjen fan de Lits-Lauwers rûte.