Smeding nimt Van Ruiten oer

© Omrop Fryslân
Smeding út Sint Anne nimt Van Ruiten Fruit yn Vlissingen oer. De Fryske gruthannel yn jirpels, griente en fruit wurket troch hiel Nederlân, mar hie yn Seelân noch gjin festiging.
De 35 meiwurkers by Van Ruiten ha in baangarânsje krigen. De oername smyt foar Smeding mear wurk op. Smeding befoarriedet 14 festigingen fan hoarekagruthannel Sligro.