Mist oarsaak fan oanridingen

03 okt 2002 - 00:00

De swiere mist fan tongersdei wie de oarsaak fan sân oanridingen yn Fryslân. Tusken Marsum en Ljouwert botsten seis auto's op elkoar. Trije weinen moasten fuortsleept wurde. Ien persoan rekke ferwûne.

Op de Wâldwei rekke in bitewein fan de dyk. Ek dêr wienen twa oanridingen. Der ûntstie in lange file. By Drachten wienen noch trije oanridingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)