Flaters yn bestimmingsplannen

© Omrop Fryslân
In grut tal bestimmingsplannen yn Fryslân driget ûnjildich te wurden, as gefolch fan in útspraak fan de Ried fan Steate.
De provinsje hat in proseduereflater makke. Under de besluten stiet de hanteken fan mar ien deputearre, wylst it folsleine kolleezje tekene moatten hie. Ek oare bestimmingsplannen mei sa'n flater wurde ûnjildich ferklearre.