Takomst iishal noch hieltyd faai

02 okt 2002 - 00:00

De iishal yn Ljouwert is sels skuldich oan har eksploitaasjetekoarten en hoecht dêrom net te rekkenjen op stipe fan de gemeente. Dat is en bliuwt de miening fan wethâlder Hafkamp fan de gemeente Ljouwert.

It punt is opnommen yn de nije sportnota. Dêrtroch stiet de takomst fan de iishal noch hieltyd faai om't de iishal yn finansjele swierrichheden sit.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)