Skoalle ticht troch sluting AVO

© Omrop Fryslân
Iepenbiere basisskoalle 't Honnedún yn Nes op 't Amelân moat nei alle gedachten ticht. Dat is it gefolch fan it sluten fan trije opfangplakken foar asylsikers op it eilân.
Op 't Honnedún sitte sawat 25 bern fan asylsikers. As dy fuort geane, bliuwe der mar 10 oant 15 oer. De opheffings- noarm is 23 learlingen. Ek seis parttime learkrêften ferlieze har wurk.