Wetterskea mooglik gau fergoede

© Omrop Fryslân
Der komt mooglik gau in fersekering foar de rispingeskea fan boeren. De noardlike ikkerbou-foaroanman Maarsingh hat moandei in petear hân mei lânbou- minister Veerman. Dy wol de wetterskea fan augustus pas fergoedzje as de boeren earst in fersekering ôfslute.
De boeren ferwachtsje goed 75 miljoen euro oan preemjes ophelje te kinnen. De skea boppe dat bedrach betellet it Ryk.