Kelder foar fuotbalfandalen
Neist it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean komt in plysjeburo mei in spesjale kelder foar fuotbalfandalen. It plan is unyk en praktysk neffens it Sintraal Ynformaasjepunt Fuotbalfandalisme.
Begjin takom jier begjint de bou fan it plysjeburo. Yn de simmer fan 2004 moat it klear wêze. De plysje hâldt jierliks tweintich fandalen oan.