Seis AVO's ein dit jier ticht

01 okt 2002 - 00:00

It COA slút ein dit jier seis oanfoljende opfanglokaasjes foar 400 asylsikers. It giet om de saneamde AVO's yn Bakkefean, Tsjummearum en Twellegea en trije op It Amelân. It Sintraal Orgaan opfang Asylsikers slút de opfang om't der minder asylsikers nei Nederlân komme.

Yn Tsjummearum hat de opfang fiif jier west. Yn Bakkefean wie dat tsien jier.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)